Ofslúting Eksposysje Noordmans

De wurkgroep dy´t de eksposysje oer it libben en it wurk fan ds.
Oepke Noordmans opset hat (Els Havinga, Ingrid Hoekstra en Nynke
Bosgra) sjocht tefreden werom op de belangstelling dy ´t der wie foar
de tentoanstelling. Nei hast 2 jier fan tarieding, werby in soad
ûndersyk dien is en in hiel soad lêzen wurde moast, wienen de leden
fan de wurkgroep bliid dat it op 3 july ll. safier wie en de eksposysje
iepene waard en oan it publyk toand wurde koe. Tidens de fiif
saterjemiddeis dat de doarpstsjerke iepen wie yn it kader fan
Tsjerkepaad, ha der yn totaal sa´n 140 besikers west...

...Guon besikers kamen fan wit hoe fier omdat se tige ynteressearre
binne yn it wurk fan ds. Noordmans. Sa wienen der minsken út
IJsselmuiden, Sprang Capelle, Dalfsen, Dordrecht, Rijssen, Wierden,
Nunspeet, Zeist en Dieren. Ek ha der noch famyljeleden fan
Noordmans west; trije âlde minsken wêr fan de mem wol útfanhûs
west hie by it gesin Noordmans doe’t dy yn Sumar wenne. We ha ek in
soad dominees ûntfungen (û.o. ds. Wolf Jöhlinger) en kamen der al gau
achter dat it wurk fan Noordmans ek no noch aktueel is en foar guon
predikanten noch altyd in bron fan ynspiraesje is. Wat ha we in soad
nijsgjirrige ferhalen en aardige anekdotes heard! It foel foaral ek op
dat de gasten der echt útgebreid tiid foar namen om alles goed te
lêzen en te besjen. Yn it gastenboek steane in hiel soad komplimenten
foar dit ynisjatyf.
Op snein 2 oktober wurdt de eksposysje ôfslúten troch in lêsing fan
Dr. Wassenaar oer de levensloop en de theology fan Noordmans. De
eksposysje is dan foar it lêst te sjen. Fanôf 15.00 oere is de tsjerke
iepen, om 16.00 oere begjint de lêsing.
It materiaal dat sammele is troch de wurkgroep sil byelkoar bewarre
wurde yn it argyf fan ús gemeente.
En wat is it moai dat we as neveneffekt fan dizze tentoanstelling no
twa moaie buorden ha mei alle nammen fan de dominees dy’t yn ús
tsjerkelike gemeentes stien ha. Troch de kontakten dy’t de wurkgroep
hie mei de gemeente yn Idskenhúzen wêr’t Noordmans syn namme op 

sa’n buord stie, kinne wy no ek pronkje mei twa fan dizze prachtige
buorden. Andries en Yka; noch fan herte bedankt!!
We kinne fêststelle dat we yn dominee Oepke Noordmans in tige
bisûndere predikant hân ha; syn kennis en ynsjoggen binne ek no noch,
100 jier letter, aktueel. Syn theologyske ferhandelingen gienen miskyn
in soad minsken hjir yn Sumar boppe de pet mar we hoopje dat we mei
dizze eksposysje ds. Oepke Noordmans no dan toch noch, al is it
postuum, de oandacht jûn ha dy’t hy fertsjinne!
Wa’t de eksposysje noch sjen wol; fan herte wolkom op sneintemiddei
2 oktober fanôf 15.00 oere.

Út namme fan de wurkgroep,
Trynke van der Veer
terug

Het beste van Petrus

 

Collectemunten

Kosten: €35,00 per zakje met 50 munten of €70,00 per zakje met 100 munten.
U kunt het bedrag over maken op het nieuwe bankrekeningnummer t.w.  NL29 RABO 0373 729 766 t.n.v. Protesantse Gemeente Sumar o.v.v. collectemunten. Het nummer van NL35 RABO 0352 764 875  komt dus te VERVALLEN.

De muntenzakjes zijn voor of na de betaling af te halen uit de mand onder de toren van de kerk

Adres

Greate Buorren 14
9262 SB SUMAR


KVK Kerk: 76388786
KVK Diaconie:76388824

Tarieven Rouw-/Trouwdiensten

  1. Zie de nieuwe tarievenlijst van 2023 voor de rouw- /trouwdiensten