In feestwykein In feestwykein
Yn it jier 1919 is muzykferiening De Lofstem offisjeel útein set. By it skoallefeest yn 1919 waard der wer muzyk makke en dat gie yn dy tiid wat oars as tsjintwurdich, neat gjin lessen folgje mar blaze blinder! De ripetysjejûnen wienen op freed yn de kristlike skoalle en de earste kontribúsje wie 20 sinten yn de wike. It wienen yn dy tiid allinnich mânlju dy’t by de musyk sieten! Se namen it beslút om troch te gean en it earste koraal wie dan ek hiel tapaslik: gesang 43 : 1: ‘Het hoofd omhoog en het hart naar boven!’

Yn de rin fan ‘e tiid kamen der froulju by de feriening. De earste frou wie Jannie Schotanus dy ’t fan Eastermar kaam omdat it korps dêr ophâlde te bestean. Yn 1989 hie de muzykferiening de measte leden: 45 leden en 15 learlingen. Sa ’t men doe sei: ‘wy sieten as hjerrings yn in tonne op it poadium fan doarpshûs de Kamp’.

Der binne in soad hichtepunten west by de feriening, mar der binne fansels ek djiptepunten.Want yn dy 100 jier binne ús in soad leden ûntfallen; âlde leden mar ek jonge. Ek dat heart by in grutte fanfarefamylje, want sa fielt it by De Lofstem: wy meitsje muzyk mei elkoar, mar wy diele ek freonskip, bliidskip en fertriet mei elkoar.

Want sa’t de sinne de blommen kleuret, sa kleuret muzyk it libben En no binne we 100 jier fierder. It korps bestiet út 40 leden en 2 leerlingen en stiet ûnder lieding fan Jan Geert Nagel fan Minnertsgea. Wy rippeteare alle tongersdeitejûns yn doarpshûs De Kamp. Wy jouwe allinnich wyks in pear sinten mear! In hiel soad leden en diriginten binne foarby kaam en noch
altyd stiet ús Kristlike fanfare De Lofstem as in hûs!

En wat sa moai is? Dat De Lofstem fan en foar it doarp Sumar is en dat wy nei 100 jier noch hieltyd mei in hiel soad nocht muzyk meitsje meielkoar. Reden om dit jier feest te fieren yn Sumar! En dat dogge wy. Freed 14 juny sil it heve en is der in grut jubileumfeest yn de Boumaloads oan de Solcamastrjitte mei meiwurking fan Gurbe Douwstra, Alice Springs en it slachwurkensemble út Bûtenpost.

En it wurdt in echt feestelik wykein want….

Dit jier bestiet it middelpunt fan ús doarp, de doarpstsjerke 250 jier. In hiele skiednis. En wat as de muorren fan de tsjerke no ris prate koene?
Foardat dizze tsjerke boud is, stie der op dit selde plak in ienfâldich tufstiennen tsjerkje. Dat waard ôfbrutsen begjin 1769. Dêrnei begûn men direkt mei it bouwen fan dizze tsjerke. Op 12 novimber 1769 fûn de ynwijing plak troch dû Everhardus Penninga.

Al 250 jier is dit gebou in byldbepalend gebou foar alle Sumarders. Elkenien kin dit gebou, ast der wol gauris komst of hielendal net, do kinst net om it gebou hinne.

Yn 2016 is it idee oppere om in gemeente-brede musical te meitsjen. Yntusken is dat idee wat oanpast en wurdt it in doarpsrevu oer de skiednis fan Sumar. Foar alle (âld)Sumarders en troch Sumarders. Foar dizze musical binne 15 lieten skreaun, mar de muzyk kinne wy hast allegear.

De sjongers fan de revu binne al drok oan it rippetearjen en ek de spilers binne yntusken úteinset.

Der binne guon dwaande om it hiele wykein yn goeie banen te lieden. Al mei al in protte drokte yn Sumar en dat kinne wy yn it wykein fan juny werom sjen.

Snein 16 juny slúte wy dan it wykein ôf om 10 oere yn de Boumaloads mei: Sumar sjongt en spilet yn gearwurking mei it Westerlauwers mannenkoar (80 oant 100 man) it revukoar en de Lofstem. Dit wurdt ek in feestelik barren.

Foar it wykein sels binne noch wol wat minsken nedich dy’t helpe kinne. At jo/asto wol wat dwaan wolst, dan kinst altyd ien fan de muzyk as de revu oan it jaske lûke. De kaartferkeap sil plakfine op 23 maaie fan 19.00 oere oant 20.00 oere yn doarpshûs De Kamp. Om de prizen hoege jo it net te litten. Dus tink derom. Op is op. Wês der gau by.

Kaarten freed 14 juny: It feest fan de iuw € 10,00
Kaarten sneon 15 juni: Revu Galmjende lûden € 5,00
Snein 16 juny, Sumar sjongt en spilet Gratis yntree
De sneins kinne jo nei de tiid ek noch kofje mei in gebakje krije. Der binne allinnich twa kollektes.
terug